OPENLUCHTSPEL 2021,
3, 4, 5 EN 6 JUNI 2021

JOU MY WJUKKEN

Op 3, 4, 5 en 6 juny 2021 wurdt it iepenloftspul “ Jou  my wjukken’ spile yn Jobbegea.

It is in bewurking fan ‘As it is in heaven’  de populêre Sweedske film fan Kay Polak.

Jou my wjukken fertelt it ferhaal fan de grutte Daniël Daréus, in fioelist, mar benammen in ferneamd dirigent, dy’t  op in kearpunt stiet yn syn libben. Hy giet werom nei syn bertedoarp en rekket   belutsen by it pleatslike koar, dan bart der fan alles…..

 

Troch de komst fan Daniël komt it libben fan eltsenien yn in streamfersnelling….

It koar giet foargoed nije wegen yn.  Daniel lit it koar as groep funksjonearje en inkele yndividuen, dy’t op wjukken geane, fleugels krije, ferlize har grinzen.….

 

Gabrielle dy’t har liet sjongt en frij komt fan har man.

Dominee dy’t sjocht dat syn mienskip har losmakket.

Daniël dy’t úteinlik syn leafde doart te ferklearjen.

 

De mienskip fan it koar is de ûndergrûn foar dit meislepende ferhaal fol leafde en dramatyk.

 

Houd onze facebook pagina in de gaten voor alle nieuwtjes en feiten van het toneel in Jubbega Hoornsterzwaag.