2005
hurd om hut
Werom yn de tiid:
HURD OM HUT (2005)
Jan Hut libbe om 1800 hinne yn “de Compagnie” fan Skuorregea en Aldehoarne, yn de omkriten fan de Rozenberchswyk en de Eilewyk. It wie de tiid fan de Frânske oerhearsking. Der wie in soad earmoed en wurkleazens, sa’t wy dat ek witte út de tiid fan “Folk sûnder Oeren” dat sa’n hûndert jier letter spile.
In soad minsken gienen by nacht biddeljen en kamen dêrom yn de jûn of nacht by boargers dy’t it better hiene as hja en fregen om jild, iten en klean. Faak gie dat ûnder bedriging fan brânstichting. It iepenloftspul “Hurd om Hut” is foar in grut part basearre op it ferhaal dat Frisius lang lyn skreau en letter útjûn waard troch Hepkema út Hearrenfean.
Om der in boeiend ferhaal fan te meitsjen is der troch de skriuwers wol wat oan skaaft yn it histoaryske ferhaal mar it resultaat wie prachtich.
In gearwurking tusken Janny Koopmans, Henk de Haan en Geert van der Schoot hat in fantastysk iepenloftspektakel oplevere dêr’t jo ek no noch yn de omkriten fan Jobbegea/Skuorregea en Hoarnstersweach/Aldehoarne de spoaren fan werkenne kinne. Sjoch nei de karakteristike wyken mei dêryn nije wenningen mar ek noch in soad wenningen mei it oarspronklike karakter.
De regy wie yn hannen fan Janny Koopmans en Tjibbe de Jong.