2011

De skepershun

Werom yn de tiid:

DE SKEPERSHÛN (2011)

Nei foarige suksessen organisearre de stichting Ferdiverdaasje Jobbegea wer in iepenloftspul spektakel. Dizze kear waard keazen foar ‘De Skepershûn’, nei in frije bewurking fan de televyzjesearje ‘Dagboek van een herdershond’ en de premjêre foar de Fryske bewurking.

Ús regisseur Janny Koopmans hie der wer in prachtich ferhaal fan makke. Fansels waarden dizze opfieringen spile op it bekende “revuefjildsje” oan de Alde Grinzerwei.

It ferhaal fan kapelaan Erik Oudekerke wie troch de eardere KRO-searje by in soad minsken wol bekend. Erik syn ynnimmende glimke, syn ûnhandichheid en naiviteit en de minne relaasje mei pastoor Bonhomme en fansels syn âlde fytske en syn klûnk mei de leafde.. Erik is fereale op Miete, mar ja moat syn hert net by God lizze? En er binne ek noch mear kapers op ‘e kust! En dan is it ek noch ûndúdlik oft Miete wol in man wol of leaver it kleaster yngiet…?

Ek dit spektakel wurde wer fersoarge troch in soad akteurs út de gearwurkjende toaniel/sjong/muzykferienings út Jubbega/Hoarnstersweach.

De útfieringen wiene op 2, 3, 4, en 5 juny 2011.De regy wie yn hannen fan Janny Koopmans, Tine Bijstra, Trienke Bron en Janna Jager.

En de haadrol fan Anne Jongsma (Kapelaan Erik) waard bekroand mei in ‘Gouden Gurbe’! Wat wiene wy grutsk op ús iepenloftspul en fansels op Anne!
Scroll naar boven