2018

Folk sunder Oeren

Werom yn de tiid:

FOLK SÛNDER OEREN (2018)

Foar it earst opfierd yn 2000, wie ‘Folk sûnder oeren’ yn 2018 werom yn Jubbega. It waard wer troch de fjouwer toanielferienings fan Jubbega/Hoarnstersweach opfierd. Yn 2000 noch yn de Expansiehal en yn 2018 opnij mar no as in folweardich iepenloftspul op in nije lokaasje, yn it boskje oan De Line yn Jobbegea. Tagelyk yn in ynkoarte fersy, omdat de trije oeren fan doe yn de hjoeddeistige tiid as te lang ûnderfûn soe wurden.

‘Folk sûnder oeren’ nei it boek fan Evert Zandstra. Yn dit boek beskriuwt Zandstra de miserabele omstannichheden dêr’t de minsken yn de streek yn leefden oan it ein fan it hege feangrûngebiet doe’t de fraach nei turf ôfnam. It grutste part fan de turfgravers slagge der net yn om earne oars in bestean op te bouwen en harren bleau dan ek wurkleazens en earmoede oer. It ferhaal en de útfiering lieten sjen hoe ús mienskip it mei elkoar rêdde moast. It ferline hat noch altyd in wichtige rol yn ús omjouwing. In bysûnder dekôr, de moaie kostúms yn spikerstof en de sang soargen derfoar dat it ferhaal fan ‘Folk sûnder oeren’ in plak krige yn de hjoeddeistige tiid.

It iepenloftspul waard op 28, 29, 30 juny en 1 july 2018 opfierd. It stik wurde regissearre troch Tine Bijstra en Trienke Bron. 

Dit wie it fiifte Iepenloftspul organisearre troch de St. Ferdivedaasje Jobbegea.

Scroll naar boven