2000
FOLK SÛNDER OEREN
Werom yn de tiid:
FOLK SÛNDER OEREN (2000)
By it hûndertjierrich bestean fan de feriening foar Pleatslik Belang Jobbegea / Hoarnstersweach yn 2000 waard in teaterspektakel opfierd nei oanlieding fan it boek ‘Folk sûnder Oeren’ skreaun troch Evert Zandstra. Dizze earste kear yn de grutte Expansiehal fan it doarp, dus noch net echt in iepenloftspul,. Dit wie wol de grutte teatrale ôftraap nei de iepenloftspullen foar Jobbegea en brocht de toanielferienings tichterby elkoar. Troch it sjongen yn de foarstelling ûntstie dêrnei ek it lokale koar: ’t Sjongfolk’, omdat de spilers it tegearre sjongen sa geweldich fûnen!
Yn dit boek beskriuwt Zandstra de miserabele omstannichheden wêryn’t de minsken yn de streek libben oan it ein fan de hegefeanen doe’t de fraach nei turf werom rûn. It grutste part fan de turfgravers slagge der net yn om earne oars in bestean op te bouwen en harren bleau net oars dan wurkleazens en earmoede.
Dizze minne omstannichheden waarden libbensecht útfierd yn in 3 oeren duorjende foarstelling mei 2 ferskillende poadiums, troch de gearwurking fan de fjouwer toanielferienings dy’t Jobbegea/Hoarnstersweach hat. It giet om de toanielferienings: ‘ODI’, ‘Fleurig Fierder’, ’t Heideblomke’ en’O&O’.
De regy wie yn hannen fan Janny Koopmans en Tjibbe de Jong
Út dizze gearwurking is de Stichting ‘Ferdivedaasje’ ûntstien. De stichting hat ta doel “de toanielleafhawwers fan Jobbegea en der bûten genietsje te litten fan it teaterbarren om Jobbegea hinne”.
Sûnt dy tiid wurdt ien kear yn ‘e trije jier mei in soad wille in iepenloftspektakel opfierd.