2008

de krijtcirkel

Werom yn de tiid:

DE KRYTSIRKEL (2008)

It stik
Yn 2008 fierden wy opnij in iepenloftspul op, dit kear in stik fan Bertolt Brecht. De regy fan dit stik lei by Janny Koopmans mei help fan Tine Bijstra en Janna Mulder.

Yn de Krytsirkel geane wy nei Groezje yn it suden fan Ruslân om 1875 hinne, in tiid fan oarloch en geweld. Dêr folgje wy twa ferhalen neist elkoar dy’t úteinlik by elkoar komme. In ferhaal fan tsjinstfaam Rûska mei it bern Michel en it ferhaal fan rjochter Azdak.

Rûska flecht yn de oarloch mei it bern fan de Gouverneursfrou de bergen yn. Krekt dêrfoar hat se har ferloofd mei soldaat Sasja. Om goed ûnderdak te krijen foar har en it bern, trouwt se mei in man dy’t op syn stjerbêd leit, mar úteinlik net dea giet.

By tafal wurdt Azdak rjochter en soarget der foaral foar dat de earmen beskerme wurde en de ryken djip yn har jildbûse tastelje moatte tiidens ferskate rjochtsaken. Nei’t er, sûnder it te witten, de gruthertoch fan de fijân holpen hat te flechtsjen, kin er ek nei de oarloch oanbliuwe as rjochter en rekket belutsen by in rjochtsaak mei Rûska.

As nei de oarloch de Gouverneursfrou har bern komt opeaskjen, folget in rjochtsaak, dêr’tby Azdak it bern yn in krytsirkel set en beide ‘memmen’ oan in earm fan it bern lûke moatte. De sterkste wint dan, mar Rûska lit los omdat it bern har te dierber is en oertsjûget dêrmei troch har ûnbaatsuchtichheid neffens Azdak dat se de ‘wiere’ mem is. Om te trouwen mei har soldaat, moat Azdak ek har skieding útsprekke.

De Krytsirkel wurdt net allinnich brûkt as in juridysk middel, mar symbolisearret ek de sosjale en ekonomyske ûngelykheid. It toanielstik ûndersiket tema’s lykas rjochtfeardigens, memme-wêzen en de spanning tusken yndividueel belang en sosjaal wolwêzen.

“De Krytsirkel” is in krêftich stik dat de kompleksiteit fan minslike relaasjes en de syktocht nei rjochtfeardigens ûndersiket, en it bliuwt relevant fanwege de universele tema’s dy’t it behannelet.

Bertolt Brecht
Om de teaterstikken fan Brecht goed te begripen is it wiis om wat te witten oer syn libben en tinzen.

Brecht waard berne yn 1898 yn Dútslân as soan fan de direkteur fan in papierfabryk. Toaniel like him yn it bloed te sitten. Al op ‘e middelbere skoalle hâlde er him dêrmei dwaande. Yn de 1e wrâldoarloch skreau er in artikel tsjin de oarloch, wêrmei’t er op skoalle yn ‘e problemen kaam en it begjin wie fan syn politike bewustwêzen, dat him letter ûntwikkele ta kommunistyske sympatyen.

Hy merkt de belutsenheid fan it publyk by folle sportwedstriden op: der wurdt kommentaar jûn op spilers en spul. Hy fynt dat sokssawat ek by it toaniel barre moatte. It publyk hinget no, seit er, by toanielbesite net allinnich de jas en de hoed op, mar ek it ferstân. Hy is fan betinken dat it publyk net meisleept wurde moat troch it ferhaal, mar dat it kritysk wêze moat op it spul, de minske en de sketste mienskip. De teaterstikken moatte learstikken wêze, dêr’t de besikers wat fan meinimme.

Hy brûkt dêrfoar in tal ’trucs’ yn syn stikken:
• Spylje mei maskers: minsken sille har minder ynlibje yn de spiler.
• In soms ûnlogyske folchoarder fan sênes dy’t de taskôger twingt ta neitinken
• Dekôr dat foar de eagen fan it publyk ferwiksele wurdt.
• In ferteller dy’t tusken de sênes de ûntjouwingen beskôget en kommentaar jout.
• De skurken wurde faak as it heal kin as lêstige karikaturen sketst.
• De goede persoanen as (te) goed fan fertrouwen mar tagelyk ek faak nayf.

Yn 1933 flechtet er út Dútslân, fanwege de opkomst fan de nazi’s. Yn 1941 komt er nei omswervingen yn de V.S. fan Amerika telâne. Hy hoopet dêr fierder te kinnen mei syn ideeën oer polityk en toaniel. It wurdt gjin sukses. De Amerikanen sitte net te wachtsjen op polityk toaniel.

Nei de 2e wrâldoarloch ûntwikkelet him al gau de ‘Kâlde oarloch’. Yn Amerika komt it ta in heksenjacht op kommunisten en opnij moat Brecht flechtsje, no nei East Berlyn, de haadstêd fan it kommunistyske Dútslân. It regime dêr wurdeart syn wurk wol, mar it wurdt wol sensurearre. Brecht wurdt ien fan de boegbylden fan de kommunistyske kultuer. Trochdat it westen it kommunisme as in bedriging sjocht, bleaune de stikken fan Brecht yn in soad Europeeske lannen oant yn de sechtigster jierren ferbean. Brecht lit sa’n tritich grutte teaterstikken en in tsiental ienakters nei.

Scroll naar boven