2015

Wa is wa

Werom yn de tiid:

WA IS WA (2015)

Nei de suksessen fan “Folk sûnder oeren”, “Hurd om Hut”, “De Krytsirkel” en “De Skepershûn” organisearre stichting Ferdivedaasje Jobbegea opnij in iepenloftspul. Dizze kear wie de kar fallen op “Wa is Wa”.

Ús regisseur Janny Koopmans hie der wer in prachtich oansprekkend ferhaal fan makke. Fansels waarden dizze opfieringen wer útfierd op it foar ús sa bekende “revuefjildsje” oan de Alde Grinzerwei. Mei tank oan de famylje Jelsma foar it kear op kear beskikber stellen fan dit fjildsje. Ek no waard it spektakel fersoarge troch in soad akteurs út de gearwurkjende toaniel/sjong/muzyk ferienings út Jubbega/Hoarnstersweach.

De útfieringen wiene op 26, 27, 28 en 29 juny 2015. Regy troch Janny Koopmans, Tine Bijstra en Trienke Bron.

It stik is in frije bewurking fan ‘Le bal des voleurs’ fan Jean Anouilh. It stik is tiidleas en spilet him ôf op fakânsje earne yn Frankryk. Lady Hurf en Lord Edgard, beide op leeftyd, hawwe in fakânsje filla hierd. Foar wat ferdivedaasje hat Lady Hurf har beide nichtjes útnoege, de fammen ha jild as wetter. En dêr komme fansels mannen op ôf, dy’t sels om jild ferlegen sitte. Yn it stedsje treffe wy fierder in tal jatters oan dy’t regelmjittich fan personaazje wikselje om de minsken om ‘e toarne te lieden. Sa faak dat se soms sels kwyt binne wa is wa no eins?

Fansels koe sa’n spektakel allinnich plakfine troch it grutte tal stipers dy’t bydroegen hawwe oan it slagjen fan dit iepenloftspul. Ús stipers drage wy op hannen en tankje wy dan ek hertlik dêrfoar.

Scroll naar boven