Ferdivedaasje Jobbegea

YNFORMAASJE / KONTAKT

Ferdivedaasje Jobbegea

Ynfo

Hawwe jo fragen? Wy binne der foar jo.
Mail ús ticketburo mei fragen oer tagongskaarten ->
support@mgtickets.nl (tel. 085-3012026)
Mail ús, Ferdivedaasje, foar alle oare fragen -> 
info@ferdivedaasje-jobbegea.nl

Ynformaasje foarstelling
Lokaasje
Jobbegea 3e slûs, yn it bosk by strjitte ‘de Line’ (Op ‘e hichte fan De Tieme nr. 2)

 

 

Parkearen
Foar parkearen fan in auto kin it neislizzende greidlân brukt wurde oan de oare kant fan de wyk, 100 meter rjochts fan de yngong fan it terrein.

Oanfang foarstelling / tribune iepen
It terrein is iepen fanôf 19:30 en de tribune fanôf 20.00.
De foarstelling begjint om 20:30 oere en der is 1 skoft, healwei de foarstelling.

Giet de foarstelling troch?
By minne waarsomstannichheden hat de organisaasje it rjocht om, foar elkenien syn feilichheid, de foarstelling te ûnderbrekken of út te stellen / ôf te sizzen.
As in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde dei foar 18.00 oere bekend makke op de webside (Nijs) & Facebook. De kaarten binne dan jildich op de reservejûn fan 9 juny. 
Mocht ek de reservejûn net trochgean, dan krije jo jo jild automatysk wer werom.

Kaarten / Tagong
Kaarten kinne allinnich fia it ticketburo op de webside boekt wurde. Der is gjin kassa.
By de yngong kinne jo de kaarten fia de telefoan as op papier sjen litte.
-> Reservearre kaarten kinne net mear werom as ruile wurde.
As jo net by de foarstelling oanwêzich wêze kinne, advisearje wy om jo kaarten sels oan te bieden fia jo eigen Facebook of set in berjocht op de Facebook-pagina fan Ferdivedaasje.
Oare fragen oer kaarten kinne jo streekrjocht stelle oan it ticketburo fia support@mgtickets.nl.

Yn in rolstoel / min rinne kinne
Jou it efkes troch oan info@ferdivedaasje-jobbegea.nl. Wy hawwe in beheind oantal rolstoelplakken en begeliede jo graach. 

Catering
Op ús terrein is catering oanwêzich wer eltsenien genietsje kin fan in drankje as in hapke. Eltse tagongskaart jout automatysk rjocht op 1 konsumpsje. By de yngong krije jo derfoar in muntsje.

Pinne
Der is gjin pinmogelikheid oanwêzich op it terrein, lykwols kin der wol pint wurde by de catering.

Kleanadvys
It is in iepenloftfoarstelling en as it mar in bytsje mooglik is, giet de foarstelling troch. Soargje dêrom foar passende klean, ôfhinklik fan de waarsferwachting. Brûk gjin paraplu’s (oars sjogge de minsken efter jo neat mear), mar bygelyks in poncho. By waarm waar is it goed om wat miggenspray mei te nimmen en in tekken of kessentsje foar as it jûns ôfkuollet.

Gouden Gurbes
Wy dogge mei oan de gouden gurbes. Stimme jo ek?

In noflike foarstelling tawinske!

St.Ferdivedaasje Jobbegea

Foarsitter: Age Hartsuiker
06 – 38752555
Sekretariaat: Matsje Veenema
06 – 23509685
Ponghalder: Stefan Spiering
Bestjoerslid: Hilda de Jager
Bestjoerslid: Petra Witteveen
Bestjoerslid: Rob Broers
Bestjoerslid: Silke Seinstra

info@ferdivedaasje-jobbegea.nl

Korrespondinsjeadres: Âlde Singel 10, 8401 BG, Gorredijk
KvK 01105862

Scroll naar boven