Jubileumboek

Wy binne tige grutsk op it feit dat wy yn 2025 al 25 jier iepenloften sjen litte oan in breed publyk. Ta eare fan dit jubileum komt der yn 2025 in spesjaal jubileumboek út: ‘25 jier teaterspektakels en iepenloften Jobbegea – Hoarnstersweach’. Hjirby alfêst in ympresje fan it boek.

Jo kinne al in eksimplaar fan dit jubileumboek reservearje troch in e-mail te stjoeren nei info@ferdivedaasje-jobbegea.nl ûnder fermelding fan jo namme en emailadres. It boek sil tusken de € 25 en € 30 kostje gean en sil ferskine nei’t de jubileumfoarstellingen yn juny ôfmakke binne… 

Scroll naar boven