Jubileum & ‘Hindriks Gryt’

Yn 2025 fiert it Iepenloftspul Jobbegea syn 25-jierrich bestean mei `Hindriks Gryt’, in spesjaal oan Jobbegea oanpaste ferzje fan it stik `Hanna van Hendrik’ fan Bouke Oldenhof. 

Yn 2000 waard yn Jobbegea troch de fjouwer toanielselskippen foar it earst in mienskiplik spektakel opfierd. Earst noch binnendoar yn de Expansiehal, lettere ferzjes as iepenloftspul oan de râne fan it doarp. Foar 2025 hat de organisaasje in bysûnder jubileumstik fûn, dat yn Jobbegea syn Fryske premjêre belibbet.

`Hanna van Hendrik’ wie in grut montearre spektakel oer de hjoeddeiske feroaringen yn de feehâlderij, ophongen oan de Boerenopstand fan Tubbergen yn 1972. Skriuwer fan it stik wie de Tynster toanielskriuwer Bouke Oldenhof. De foarstelling waard yn 2019 en 2022 útfierd troch in grut ensemble op de fleanbasis Twenthe, mei ûnder oaren Johanna ter Steege en Huub Stapel. Twa seizoenen lang wiene de fyftich útfieringen útferkocht; yn totaal besochten mear as 100.000 minsken de foarstelling. 

Spesjaal foar de Jobbegeaster opfiering hat de skriuwer in Fryske ferzje makke. Hy hat it stik oanpast oan de opfieringslokaasje yn it boskje oan De Line yn Jobbegea. 

Boppedat is it stik oer de hjoeddeiske lânbou yn de nije ferzje ophongen oan de rebûlje yn it doarp om de ruilferkaveling en de foarnommen opheffing fan bûterfabryk `Ons Belang’ yn de sechtiger jierren fan de foarige iuw. Nettsjinsteande de grutte tsjinwurking fan lytse boeren yn it gebiet is it suvelfabryk dochs fuseare mei de koöperaasje yn Aldeberkeap. Letter binne beide fabriken opgien yn De Takomst yn Wolvegea. 

`Hindriks Gryt’ wurdt útfierd troch in grut tal spilers, it koar ‘t Sjongfolk en in liveband, mei Fryske teksten op songs út de jierren ’60. 

De regy is yn hannen fan Tine Bijstra en Trienke Bron.

Scroll naar boven