Parseberjocht Kaartferkeap

Kaartferkeap jubileumfoarstelling Iepenloftspul Jobbegea fan start: ‘Hindriks Gryt’

Jobbegea – Iepenloftspul Jobbegea bestiet 25 jier en dat wurdt fierd mei in bysûndere jubileumfoarstelling: Hindriks Gryt.
De kaartferkeap foar dizze Frysktalige produksje begjint tongersdei 24 april.
It stik is in bewurking fan Hanna van Hendrik troch Bouke Oldenhof, en jout in byld fan it boerenlibben yn de streek om Jobbegea en Aldeberkeap.

Yn Hindriks Gryt stiet it libbensferhaal fan Gryt sintraal, in krêftige boerin dy’t har plak fine moast yn in wrâld dy’t feroare. Tsjin de achtergrûn fan de fúzje fan suvelfabryk Us Belang mei de koöperaasje fan Aldeberkeap – in barren dat soarge foar ferdieling yn it doarp – fertelt de foarstelling oer striid, leafde, ferlies en ferbûnens. Har beppesizzer Lotte nimt it publyk mei troch ferskate tiidlinen, op syk nei de woartels fan har famylje en it boerenferline fan de regio.

De foarstelling wurdt spile troch in grutte groep entûsjaste spilers, mei muzikale stipe fan koar ’t Sjongfolk en de band Absolút. Hindriks Gryt is folslein Frysktalich en wurdt opfierd op in unike iepenloftlokaasje: midden yn it bosk by de wyk yn Jobbegea.

De foarstellings fine plak op 5, 6, 7 en 8 juny 2025. In unike kâns om it 25-jierrich bestean fan it Iepenloftspul mei te belibjen.

Kaarten binne fan tongersdei 24 april ôf te bestellen fia: Kaartferkeap

Belibje it mei: 25 jier Iepenloftspul Jobbegea – fan ús, foar ús, troch ús – mei Hindriks Gryt.

Scroll naar boven