25 jier Iepenloft Jobbegea
Nei 25 jier iepenloft yn Jobbegea is it tiid om efkes stil te stean. In kwart ieu lang haw ik mei de aldermoaiste minsken gearwurkje mogen as foarsitter fan St. Ferdivedaasje Jobbegea. Sân prachtige iepenloftspullen, mei as grutte klapper Hindriks Gryt ús meast besochte en ien fan de moaiste útfieringen ea. Wat in hichtepunt om mei ôf te sluten.
Justerjûn hat it bestjoer my ferrast mei in waarm en gesellich ôfskiedsiten. En wat bart der dan? Lykas fanâlds sieten wy binnen de koartste kearen wer fol ideeën, plannen en entûsjasme foar it folgjende iepenloftspul. It sit ús yn it bloed. Dat makket ús sa bysûnder.
Elke útfiering yn dy 25 jier wie wer oars fan Folk sûnder oeren oant alle oare ferhalen dy’t wy mei-inoar ta libben brochten. Fan de ekspânsjehal, nei ús fjild by Henk, oant midden yn it doarp: oeral stie elkenien klear foar inoar en foar it gehiel. As ien grutte famylje.
Ik haw prachtige tiden meimakke. Wy hawwe leaf en leed dield, mei-inoar lake, wurke, striden en boud. En ik tink mei waarmte en respekt werom oan de minsken dy’t net mear by ús binne, mar dy’t foar altyd diel útmeitsje fan ús iepenloftskiednis.
Hoewol’t ik no nei 25 jier it foarsitterskip oerjaan mei, sil ik my altyd ferbûn fiele mei ús iepenloft. En hoe moai is it dat ik no, tegearre mei Yolanda, plaknimme kin op de tribune. It folgjende iepenloft wurdt foar ús de earste kear as taskôgers en dêr sjoch ik mei in soad nocht nei út.
Mei in hert fol tankberens foar it fertrouwen dat ik krigen haw, sjoch ik werom op in tiid dy’t ik nea ferjitte sil. En ik sjoch út nei alles wat noch komt, fanút in oar plak, mar mei deselde leafde foar ús prachtige iepenloft.
Age



