Wy binne tige grutsk op it feit dat wy yn 2025 al 25 jier iepenloften sjen litten hawwe.
Ta eare fan dit jubileum is der in spesjaal jubileumboek: ‘25 jier teaterspektakels en iepenloften Jobbegea – Hoarnstersweach’.
Hjirby alfêst in ympresje fan it boek.
Do kist in eksimplaar fan dit jubileumboek reservearje troch in e-mail te stjoeren nei info@ferdivedaasje-jobbegea.nl ûnder fermelding fan dien namme en emailadres foar 1 februaris 2026. It boek sil tusken de € 25 en € 30 kostje en sil febrewars 2026 beskikber komme.



