2025

HINDRIKS GRYT

2025

HINDRIKS GRYT

Yn 2025 fiert it Iepenloftspul Jobbegea syn 25-jierrich bestean mei `Hindriks Gryt’, in spesjaal oan Jobbegea oanpaste ferzje en in Fryske premjêre fan it stik `Hanna van Hendrik’ fan Bouke Oldenhof. Bouke hat it stik oanpast oan de opfieringslokaasje yn Jobbegea. 

Yn 2000 waard yn Jobbegea troch de fjouwer toanielselskippen foar it earst in mienskiplik spektakel opfierd. Earst noch binnendoar yn de Expansiehal, lettere ferzjes as iepenloftspul oan de râne fan it doarp.

`Hanna van Hendrik’ wie in grut montearre spektakel oer de hjoeddeiske feroaringen yn de feehâlderij, ophongen oan de Boerenopstand fan Tubbergen yn 1972. Yn de nije ferzje is it stik ophongen oan de rebûlje yn it doarp om de ruilferkaveling en de foarnommen opheffing fan bûterfabryk `Ons Belang’ yn de sechtiger jierren fan de foarige iuw. Nettsjinsteande de grutte tsjinwurking fan lytse boeren yn it gebiet is it suvelfabryk dochs fuseare mei de koöperaasje yn Aldeberkeap. Letter binne beide fabriken opgien yn De Takomst yn Wolvegea. 

`Hindriks Gryt’ wurdt útfierd troch in grut tal spilers, it koar ‘t Sjongfolk en in liveband, mei Fryske teksten op songs út de jierren ’60. 

De regy is yn hannen fan Tine Bijstra en Trienke Bron.

Scroll naar boven